Kortekaas nei 'Koornbeurs'

De Koornbeurs yn Frjentsjer © Omrop Fryslân
De 51-jierrige Lineke Kortekaas is de nije direkteur fan teater de Koornbeurs yn Frjentsjer. Se folget Rob Roos op, dy't direkteur wurden is fan it teater yn Schiedam.
Kortekaas moat in nije koers útsette foar de Koornbeurs, mei in oare rol yn de nije gemeente Westergo. Kortekaas wie oant septimber 2012 direkteur by skouboarch en kongressintrum 'Het Park' yn Hoorn. Dêrnei is se har eigen kultuerbedriuw begong.