'Jild foar Baai Dellewal'

Skylge © Omrop Fryslân
De provinsje moat subsydzje jaan oan de Stichting Baai Dellewal. Dat wol de steatefraksje fan Friese Koers. Neffens de partij is it needsaaklik dat de baai Dellewal tichtby West-Skylge beskerme wurdt. Der binne plannen om op de Dellewal in hotel te bouwen mei goed 70 keamers en in wellness-sintrum. Om it gebiet te behâlden, hawwe fjouwer Skylger froulju de Stichting Baai Dellewal oprjochte. Sy wolle de grûn keapje fan de gemeente. Dêr ha se wol twa miljoen euro foar nedich.
Dêr ha de froulju in systeem fan crowdfunding foar betocht, minsken keapje in sertifikaat en sa krije se rjocht op in stikje grûn. Neffens Friese Koers kin allinnich de stifting foarkomme dat de unike baai fan Skylge oantaast wurdt.