Kampanje oer feiligensrisiko's

09 okt 2013 - 21:45

De Friezen moatte harren better bewust wêze fan de feiligensrisiko's yn de eigen regio. Om dat foar elkoar te krijen, komt feiligensregio Fryslân mei in nije kampanje ûnder de namme: "Hoe koel blijf jij?"

Op ynternet kinne minsken in spesjale app fine, dêrt se yn sjen litte kinne hoe kalm se bliuwe as der wat slims bart. Wa't it kalmst bliuwt en de bêste keuzes makket kin in spesjale koelboks winne. Mei dit spultsje en de kampanje sels wol de feiligensregio minsken oan it tinken sette oer hokker maatregels se sels nimme kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)