'Gjin hierspjeldebocht Snits'

09 okt 2013 - 21:34

It liket derop dat de fytstunnel by de Lemmerweg yn Snits gjin skerpe hierspjeldebocht krijt. In pear wike lyn waard der bot aksje tsjin fierd troch it wykpanel Lemmerweg-West. It kolleezje hat neffens it wykpanel no tasein dat dizze fariant der net komt.

De gemeente Súdwest-Fryslân lit lykwols witte dat der noch gjin definitive kar makke is foar in fariant. Takom tiisdei docht it kolleezje dat. Wol is it sa dat de hierspjeldebocht-fariant net mear de foarkar hat, seit de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)