Frou ferliest rjochtsaak AOW

Fallisemint © Omrop Fryslân
In 67-jierrige frou út Amsterdam dy't troud is mei in man út Fryslân hat in rjochtsaak oer de ferleging fan har AOW ferlern. De man en de frou binne troud, mar wenje apart.
Dochs hat de Sosjale Fersekeringsbank de AOW útkearing mei hast 300 euro ferlege omdat se no ûnder de noarm foar troude minsken falt. De Amsterdamse wol in heger bedrach omdat sy fynt dat se skieden libbet fan har man. Se sjogge elkoar allinnich yn it wykein.