MFS Steggerda no 'Multisteck'

09 okt 2013 - 17:51

It multyfunksjonele sintrum (MFS) fan Steggerda hat woansdei de nije namme 'Multisteck' krigen. It MFS wie al yn maart iepene, mar hie noch gjin namme.

Doarpsbelang hat dêrom bewenners frege om in nije namme te betinken. It MFS stiet op it plak fan de âlde basisskoalle en hat ûnder oare de speel-o-teek, it doarpsargyf, de boekestek, fysiotherapy en de berne-opfang ûnder syn dak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)