Stipe rêding foar monuminten

09 okt 2013 - 16:48

It tal reparaasjes en restauraasjes oan monuminten yn Fryslân sil tanimme no't de provinsje Fryslân de finansjele bydragen oan de monuminteregeling en it kultuerfûns mei fjouwer miljoen euro ferheegje wol. Dat ferwachtet direkteur Bloemhof fan it Stipepunt Monumintesoarch Fryslân.

Bloemhof is bliid mei it ekstra jild om't gemeenten en it ryk hieltyd mear besunigje op bydragen foar restauraasjes oan monuminten. Mei it ekstra jild fan de provinsje kinne mear oanfragen honorearre wurde. Der komt ek mear wurk foar bou- en restauraasjebedriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)