Warskôging foar ferlieders

09 okt 2013 - 12:11

Seksueel tinte ynternetkontakten mei jonge famkes komme noch altyd in soad foar, alhoewol't helpferlieners der wol wach op binne. Dat seit Karina Hellema fan helporganisaasje Fier Fryslân.

Hellinga reagearret dêrmei op it nijs dat in man út Cuijk trijehûndert famkes misbrûkt hat fia 'grooming'. Dêrby leit ien fia ynternet kontakt mei jonge slachtoffers, lit se seksuele hannelings dwaan en sjantearret se dêr eventueel mei. Op syn minst alve famkes hawwe fysyk kontakt mei de man út Cuijk hân. By de trijehûndert sitte ek Fryske famkes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)