SCO ferliest fan DOS

28 jan 2012 - 22:39
  • Kuorbal

SCO ferlear it degradaasjeduel yn sporthal de Steense mei 19-18 fan DOS Kampen. Dy útslach foarseit spanning, mar dy spanning wie der meast net. De ploech út Aldeholtpea spile in strieminne earste helte. Der wiene wol kânsen, mar de ôfwurking wie dramatysk. DOS socht mei in 8-4 foarsprong de klaaikeamer op. Yn de twadde helte helle SCO op oant 8-10, mar ek samar wie it wer 8-15. De einsprint fan SCO einige by 18-19. SCO hat no twa kear fan DOS ferlern. Beide ploegen stean no mei fjouwer punten op in dield lêste plak.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)