Bliid mei kredytregeling

09 okt 2013 - 11:08

VNO-NCW Noard en MKB Noard binne bliid dat de provinsje 50 miljoen euro oan lienings beskikber stelle wol oan Fryske ûndernimmers. Dat is ien fan de ûnderdielen fan it projekt Wurkje foar Fryslân dêr't de provinsje de kommende jierren 300 miljoen euro ekstra foar útlûkt. Doel is de Fryske ekonomy te stimulearjen. De maatregels moatte oant 2017 goed 6000 arbeidsplakken opsmite.

De twa wurkjouwersorganisaasje fine it wol spitich dat gjin oandacht jûn wurdt oan in bettere ferbining tusken Fryslân en de regio Bremen en oan fleanfjild Eelde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)