Soad mis by lânbouferkear

09 okt 2013 - 09:38

De plysje is fan heal septimber ôf wer dwaande mei de kontrôle fan lânbouferkear. De konklúzje oant no ta is dat in soad saken noch net yn oarder binne, lykas ferljochting en útstekkende ûnderdielen. De plysje hat 35 warskôgings útdield en fyftjin kear in proses-ferbaal opmakke. It gong dan meastal om in ûntbrekkende gefaretrijehoeke, missende spegels, de breedte fan it ark of net-hânfrij belje achter it stjoer.

De kommende wiken wurdt it lânbouferkear fierder yntinsyf kontrolearre.

Trefwurden: 
lânbouferkear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)