Misbrûk fan 300 famkes

09 okt 2013 - 08:32
  • Oanhâlding fan Frank R. yn Bedum (Grins) 19 maaie 2013

In 48-jierrige man út Cuijk wurdt derfan fertocht dat er hast 300 famkes tusken de 10 en 17 jier fia ynternet safier krigen hat dat se seksuele hannelings diene. It Iepenbier Ministearje hat dat befestige. Dêr sitte ek Fryske slachtofferkes by.

De man hat yn alle gefallen alve famkes yn it echt lichaamlik seksueel misbrûkt. Trije dêrfan komme út Noard-Nederlân. Yn de flat fan de man binne 26.000 filmkes en 144.000 foto's fûn. It Iepenbier Ministearje tinkt dat de man selsstannich te wurk gie. Der soe gjin sprake wêze fan in netwurk.

De saak kaam yn maaie oan it ljocht, doe't in 12-jierrich famke út Middelstum yn Grinslân ferdwûn. De plysje fûn har letter werom yn de auto fan de fertochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)