Meiwurkers MCL werom út Kunduz

Operaasje-assistint Arnold Bloemsma en anestesiolooch Rob Niemeijer fan it MCL binne werom út Kunduz. Se wurkje gewoanwei yn it sikehûs yn Ljouwert, mar se hawwe de ôfrûne tiid foar definsje wurke. Beide manlju sille it wurk yn Afganistan net gau ferjitte. De bylden fan de slachtoffers fan de oarloch binne net maklik út de holle te krijen.
De twa Ljouwerter medisy sieten by de lêste missy yn Kunduz, want de Nederlânske missy dêr hâldt op.