Leswike oer trekfûgels

08 okt 2013 - 22:00

De hiele wike hâlde bern fan basisskoalle De Oanrin yn Twizel harren dwaande mei trekfûgels. Benammen de readsturt komt oan bod. De trekfûgel komt tusken april en augustus in soad foar yn de noardlike Fryske Wâlden.

De fûgelbeskerming is mei in spesjaal programma op de basisskoalle yn Twizel. Tiisdei wiene de skoalbern op besite by boer Jappie Hooisma yn Koatstertille om te sykjen nei de natuerlike omjouwing fan de readsturt. Yn 2014 siket de skoalle kontakt mei in skoalle yn Burkina Faso, dêr't it fûgeltsje de rest fan it jier is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)