'Ien meldpunt pleechsoarch'

Telefoan © ANP
De provinsje giet oan de slach mei in inisjatyfútstel fan leden fan de PvdA, FNP, SP en CDA om in ûnôfhinklik meldpunt foar de pleechsoarch yn te stellen. Neffens de partijen is ferlet fan ien punt dêr't pleechâlden mei harren fragen, soargen en klachten telâne kinne.
Yn Fryslân binne ferskate organisaasjes by de pleechsoarch belutsen, elk mei in eigen klachteregelingen. De provinsje wol no dat Soarchbelang Fryslân as ûnôfhinklik meldpunt funksjonearret. Deputearre steaten wolle dêr maksimaal 20.000 euro foar útlûke.