Wiko's hiel gau útferkocht

Alle 850 kaarten foar it ôfskiedskonsert fan de Wiko's wiene tiisdei yn in goed kertier útferkocht. Op 20 oktober trede de Wiko's foar de alderlêste kear op. Dat fynt plak yn Schatzenburg yn Menaam. De band moat ophâlde, omdat Kobus Algra siik is.
De kaartferkeap begûn om sân oere jûns, mar de earste minsken stiene al om trije oer middeis foar de doar fan de sporthal. Om fiif oere stiene der al in hiel soad minsken te wachtsjen. Der soe noch in ekstra kaartferkeap wêze op 15 oktober, mar dy giet no net mear troch.