Nije foarsitter Alde Feanen

08 okt 2013 - 19:02
  • De Alde Feanen

Sipke Swierstra fan Assen is de nije foarsitter fan nasjonaal park De Alde Feanen by Earnewâld. Swiersta nimt de funksje oer fan Gerben Gerbrandy. Hy koe it foarsitterskip net kombinearje mei syn wurk as boargemaster fan Achtkarspelen.

Swierstra is hikke en tein yn Ljouwert. Hy wie jierrenlang deputearre fan Drinte. Syn wichtichste taak wurdt in goede finansjele posysje behâlde foar it nasjonaal park. Sûnt dit jier is de provinsje dêr ferantwurdlik foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)