Sjoerd de Vries stelt teloar

28 jan 2012 - 22:01

Sjoerd de Vries ried op it WK sprint yn Calgary in mislearre 500 meter. De Twellingeaster iepene foar syn dwaan noch goed, mar hie dêrnei in geweldige misslach. Mei syn 35.53 waard er 23e. Kyou-Hyuk Lee fan Súd-Koreä, fjouwerfâldich wrâldkampioen, wûn de 500 meter yn 34.33, foar Dmitry Lobkov (34.46). Hein Otterspeer waard achtste yn 34.72 en Stefan Groothuis njoggende yn 34.84.

Trefwurden: 
reedriden WK sprint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)