Ringelrob by Flylân fûn

© Zeehondencrèche Pieterburen
By Flylân is in seldsume ringelrob fûn. It ferswakte bist is snein nei de seehûnekresj yn Pieterburen brocht. Ringelrobben litte harren gewoanwei hast net sjen yn de omkriten fan Nederlân. Se komme in soad foar yn de noardlike wetters, lykas de Noardlike IIssee.
De ringelrob dy't by Flylân fûn is, is in wyfke fan likernôch fiif moanne âld. De lêste kear dat in ringelrob opfongen waard yn de seehûnekresj, wie yn augustus 2011.