Museum Grou wer iepen

08 okt 2013 - 12:27

Grou hat wer in museum. Nei in yngeande ferbouwing fan in jier is museum It Hert fan Fryslân wer iepen foar publyk. Sluting drige fanwege finansjele need. Boppedat wie ek lange tiid net wis oft se yn it âlde riedhûs fan Idaerderadiel bliuwe koene. Mar mei ynset fan frijwilligers en in jildskinking kin tiisdei dochs de weriepening fierd wurde.

It museum wurdt iepene mei de eartiids rûnom yn Grou hearbere stoomfluit fan it Halbertsmafabryk. De skriuwende en ûndernimmende famylje spilet in grutte rol yn it nije museum.

It museum is hielendal by de tiid brocht mei audiovisuele presintaasjes en touchscreens. Sa wurde tradisjonele tema's passend by Grou en omkriten foar it fuotljocht brocht. Wetter hat dêrby in belangryk plak, yn al syn fasetten. Sa binne bygelyks prizen fan sylwedstriden fan eartiids en fan no te sjen, lykas de medalje fan streekgenoat Marrit Bouwmeester. Topstik is in unike wimpel, in sportpriis út 1821.

Trefwurden: 
Grou museum Hert fan Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)