Sonac Burgum ferkocht

08 okt 2013 - 09:51

Sonac Burgum, better bekend as it stjonkfabryk yn Sumar, giet oer yn Amerikaanske hannen. It fabryk yn Sumar is ûnderdiel fan it VION Ingrediënts mei 58 bedriuwen oer de hiele wrâld. De hiele bedriuwegroep, mei de haadfestiging yn it Brabânske Son, wurdt foar 1,6 miljard euro ferkocht oan it Amerikaanske konsern Darling International.

Yn Sumar wurkje sawat hûndert minsken. It is net bekend oft de oername gefolgen foar harren hat. Sonac Burgum ferwurket benammen slachtôffal. Oer de omset en winst fan it bedriuw wurde gjin meidielings dien.

Trefwurden: 
Sumar Sonac Burgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)