Rêders Spannenburch huldige

07 okt 2013 - 21:30
  • De rêders krigen in medalje en in oarkonde

De minsken dy't yn maaie belutsen wiene by in rêdingsaksje op it Prinses Margrietkanaal by Spannenburch binne moandei op De Jouwer huldige. Se krigen allegear in offisjeel tsjûchskrift en de medalje fan de 'Maatschappij tot de redding van drenkelingen'.

Op 9 maaie fan dit jier waard in sloep mei in Dútske famylje oerfearn troch in frachtskip. In 81-jierrige kaam dêrby om it libben, mar troch it moedich optreden fan de rêders is it drama net grutter wurden. De Dútske famylje wie net oanwêzich by de huldiging, mar hie wol in brief stjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)