Harnzer skip rêdt flechtlingen

In skip fan de Harnzer rederij Abis hat sneintemiddei by Sisilië 172 Syryske flechtlingen oppikt, meast froulju en bern. It skip, de Abis Albufeira, waard sneintemiddei troch de Italiaanske kustwacht om help frege om flechtlingen op te pikken.
It gie om 353 flechtlingen dy't yn frij lytse boatsjes besochten harren lân te ûntflechtsjen. It Nederlânske skip naam 172 minsken oan board, oare skippen namen de oare minsken mei. De flechtlingen binne moandeitemoarn yn Pozzallo op Sisilië oan wâl brocht.