Frou út Ljouwert fermist

Plysje-embleem © ANP
Yn Ljouwert wurdt sûnt snein de 59-jierrige Marretje Huisman fermist. De frou is fuortgien yn in grize Peugeot 206 stationcar. De frou hat nei alle gedachten in reade spikerbroek, in swart shirt en swarte sandalen oan. Marretje Huisman is 1 meter 70 lang en hat donkerbrún hier.
Wa't har sjoen hat wurdt frege dat te melden by de plysje op 0800-6070.