ONS ferliest fan Staphorst

28 jan 2012 - 17:29

Haadklasser ONS hat sneon mei 3-0 ferlern fan Staphorst. De earste kâns foar de gasten út Staphorst wie fuortendaliks raak. Ut in frije traap kamen de Staphorsters nei goed tsien minuten spyljen op in 1-0 foarsprong. In lobke oer keeper Ale Geert de Vries soarge foar de 2-0 efterstân foar de Snitsers. Nei it skoft foel it tredde Staphorster doelpunt. Sneu puntferlies foar de ploech fan trainer Jan Vlap, dy't noch altyd op in twadde plak stiet.

Trefwurden: 
fuotbal ONS
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)