Winst foar Drachtster Boys

28 jan 2012 - 17:25

Fjochtsjend tsjin degradaasje hat Drachtster Boys sneon thús de earste oerwinning fan it seizoen pakt. Op eigen fjild wûnen se mei 3-0 fan Oranje Nassau. De Drachtsters begûnen sterk oan de wedstriid. Jelle Teitsma sette syn ploech foar rêst op in moaie 2-0 foarsprong. Yn de twadde helte tekene Jan Stoker foar de 3-0. In foarsprong dy't de ploech fan Jan van Raalte net mear út hannen joech. In moaie opstekker foar de Drachtsters dy't noch altyd op it lêste plak stean.

Trefwurden: 
fuotbal Drachtster Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)