De Vries en Bergsma 2e en 3e
By de earste klassiker op de Eastenrykse Weissensee ha de BAM-riders Bob de Vries en Jorrit Bergsma sneon it sulver en brûns pakt. De winst gong ferrassend nei Rob Hadders, dy't yn de einsprint de rapste wie fan in kopgroep fan 23 riders. De wedstriid oer 100 kilometer is de earste op natoeriis yn in searje fan fiif Grand Prix-wedstriden.