Leger dielt sop út yn Ljouwert

It Leger des Heils hat sneon yn Ljouwert de offisjele ôftraap jûn foar in tal festiviteiten om it 125-jierrich bestean hinne. Op de Nijstêd by de Waach dielden meiwurkers sop út. It sop wie tamakke yn de opfang oan de Tunen en mei in bakfyts nei de Nijstêd brocht. Neffens it Leger reagearre it winkeljend publyk goed op de aksje. Der is 120 liter sop útdield, goed foar sa'n 700 minsken. Letter yn it jier folgje noch mear aktiviteiten by it jubileum. Ek op oare plakken wiene der aktiviteiten.