Bestjoerder fuort nei ûngelok

28 jan 2012 - 14:57
  • Plysje

De plysje ûndersiket in iensidich ûngelok op de A32 by de ôfslach nei Akkrum. In auto is dêr freedtejûn earst tsjin in betonnen muorre oanriden en dêrnei tsjin in beam. Tsjûgen hiene sjoen dat de bestjoerder fuortrûn wie. De plysje hat noch socht, mar koe him net mear fine. De auto is yn beslach nommen en oerbrocht nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)