Militêr rydt skooter oan

28 jan 2012 - 14:43
  • Plysje

De plysje hat freed twa ynwenners (19) fan Marum oanhâlden om't se trochriden wiene nei in oanriding yn Drachten. Op de Reidingwei ried in auto sûnder ferljochting in skooter oan. De twa minsken op de skooter rekken ferwûne, mar de auto ried troch. Tsjûgen joegen it kenteken troch oan de plysje en fia de meldkeamer is in boargernetaksje start. De manlju binne op de A7 oanhâlden en de auto is yn beslach nommen. De bestjoerder wie in militêr en dêrom is it ûndersyk oerdroegen oan de keninklike maresjesee.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)