Zielman wint op Weissensee

Carla Zielman (27) út Rottum hat sneon de Aart Koopmans Memorial op har namme skreaun. Op de Eastenrykse Weissensee wie Zielman nei santich kilometer de rapste yn de massasprint. Twadde waard Mariska Huisman, folge troch Foske Tamar van der Wal, dy't op it tredde plak einige. It wie de earste oerwinning fan it seizoen foar de rydster út Rottum. De klassiker op de Weissensee is de earste wedstriid op bûteniis yn in searje fan fiif Grand Prix-wedstriden.