Avanti ferliest mei 7-0

ZVV-Avanti Stiens © Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan Avanti hawwe freedtejûn mei 7-0 ferlern fan koprinner CFE. By it skoft seagen de Stienzers noch tsjin in lytse efterstân fan 2-0 oan. Mar yn de twadde helte wie de thúsploech út Eindhoven hear en master yn eigen hal. Debutearjende keeper Henri Rodenburg koe net foarkomme dat CFE úteinlik de einstân fan 7-0 op it skoareboard sette. Mei 4 punten út 14 wedstriden stiet Avanti op it foarlêste plak, krekt boppe de Leekster Eagles.