Ljouwert te let kandidaat

28 jan 2012 - 12:44

Ljouwert moat sels nije ynvestearrings dwaan om gading te meitsjen nei Kulturele Haadstêd 2018. De spulregels steane net ta dat Ljouwert mei jild fan de provinsje en al besteande projekten de striid winne kin fan de oare Nederlânske stêden Maastricht, Utrecht, Den Haach en Eindhoven. Dat docht bliken út it programma dat snein te sjen is by de Omrop yn Fryslân DOK. Dêryn seit foarsitter Siem Jansen ek dat de provinsje fan it begjin ôf oan wist dat in stêd him kandidaat stelle moast en net de provinsje. Dêrmei is in soad tiid fergriemd.

Yn maart rint de subsydsje ôf foar de Kulturele Haadstêd, dan moat besletten wurde oft it projekt trochset wurdt en moat Ljouwert beslisse oft se har echt kandidaat stelle wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)