Club Q is 4Bras wurden

28 jan 2012 - 12:31

Diskoteek 4Bras by Noardburgum hat in nije start. It eardere Club Q hat in nije eigener, Wim Beintema. Hy brûkt de âlde namme wer en ynvestearre yn in grut kamerasysteem. Club Q kaam twa jier lyn negatyf yn it nijs nei't Redmar Smedema (16) ferstoar nei in fjochtpartij yn de diskoteek. Beintema wit dat sokke tryste ynsidinten noait hielendal útsluten wurde kinne, mar mei it nije kamerasysteem kinne se alles no wol hiel goed yn de gaten hâlde.

Alle bylden fan de kamera's wurde opnommen en koarte tiid bewarre. Ek rinne der mear befeiligers om yn de diskoteek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)