Poldergemalen út om iisgroei

Wetterskip Fryslân set moandei de measte poldergemalen út. Dat past binnen de maatregels foar de kommende froastperioade. De kommende dagen wurdt ophâlden mei ôffieren fan wetter út de Fryske boezem. Dêrmei moat it wetter yn de Fryske kanalen, fearten en farwegen ta rêst komme. Sa nimt de kâns in in goeie groei fan it iis ta. Ut ûnderfining wit it wetterskip dat der ek gebieten binne dy't gefoelich binne foar kwelwetter. Dêr draaie de poldergemalen noch wol troch.
Wetterskip Fryslân hat syn belied en kommunikaasje oanpast, nei de winter fan ein 2008. Doe kaam in soad krityk, om't de gemalen oanbleaune en it iis net groeie koe.