Ferloskundigen oer de busbaan

28 jan 2012 - 08:44

De CDA-fraksje fan Ljouwert wol dat ferloskundigen de busbanen yn de stêd brûke meie. De minister fan ynfrastruktuer hat it mooglik makke dat gemeenten dêr in ûntheffing foar jouwe. It CDA yn Ljouwert hat dêrom fragen steld oan it kolleezje fan b. en w.

Op trije plakken yn de stêd binne busbanen, by de yngongswegen fanút Harns en Stiens en by de Oostergowei del rjochting it sintrum. It soe foar ferloskundigen yn needgefallen en by grutte drokte yn de stêd in soad tiid skele as se oer de busbaan meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)