Fr.Wind docht ferfolchûndersyk

07 okt 2013 - 14:23

De partij Frisse Wind yn Harns seit dat se wol besocht hat om mei de gemeente Harns gear te wurkjen oan in ferfolchûndersyk nei de dioksine yn aaien. De gemeente hat dêr net op reagearre, seit fraksjefoarsitter Jennifer Steevensz. Boargemaster Sluijter fan Harns sei sneon dat hy it ûnbegripelik fynt dat Frisse Wind de adressen fan de dioksine-aaien dy't se fûn hawwe by ûndersyk net priisjaan wol.

Neffens Frisse Wind binne de adressen net nedich foar ferfolchûndersyk. Frisse Wind sil no sels ek ferfolchûndersyk dwaan.

Trefwurden: 
Frisse Wind aaien dioksine
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)