Tichelaar Makkum no de âldste

© Omrop Fryslân/Dirk Baron
Troch de ferkeap fan toufabryk Van der Lee út Oudewater, is Keninklike Tichelaar Makkum no it âldste famyljebedriuw fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan ûnder oare universiteit Nijenrode. Al sûnt 1572 stiet der in stienfabryk yn Makkum. De famylje Tichelaar is sûnt 1640 belutsen by it bedriuw.
De hjoeddeiske direkteur, Jan Tichelaar, is de tolfde generaasje.