Jurrit Visser nimt ôfskie

07 okt 2013 - 11:43

Op freed 18 oktober nimt Jurrit Visser ôfskie as boargemaster fan Skylge. Hy hat syn ûntslach oanbean yn ferbân mei sûnensproblemen. Visser sit al in skoft thús mei sykteferlof. Hy wurdt waarnommen troch Ron Bats, de eardere boargemaster fan Haren. Jurrit Visser waard yn 2002 boargemaster fan Skylge.

Op in resepsje yn hotel Schylge kin de befolking fan Skylge op 18 oktober ôfskie nimme fan Visser.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)