Greidefûgelboer: mear skriezen

De Fûgelbeskerming is goed te sprekken oer de resultaten dy't de saneamde greidefûgelboeren it ôfrûne jier helle hawwe. Yn Fryslân dogge 24 boeren oan it projekt mei. Se passe de bedriuwsfiering sa oan dat greidefûgels it der goed ha. Lanlik nimt it tal skriezen hast elts jier mei sa'n fiif persint ôf, blykt út ûndersyk.
Ut tellingen by greidefûgelboeren blykt dat it tal ferline jier op harren lân mei 10 persint tanaam is.