Boaskje yn de bosk fanôf 2014

Fan 1 jannewaris ôf kin ek yn Fryslân troud wurde yn de bosk. It giet om it Drents-Friese Wold by Appelskea. Steatsboskbehear hat dêroer in oerienkomst sletten mei it bedriuw Trouwstart yn Oosterbeek. Breidspearen kinne foarearst terjochte op fiif lokaasjes yn Nederlân, mar der folgje der mear.
Neist it Drents-Friese Wold giet it om de Weerribben, it Boomkroonpad by Drouwen yn Drinte, de Peel yn Limburch en de Sallandse Heuvelrug. Trouwstart regelt alle omballings. Steatsboskbehear krijt in fêste priis foar it gebrûk fan de bosk.
Dat jild wurdt wer ynvestearre yn it behear fan de natuer.