Mei hast 200 km oer de A7

Plysjejas © ANP
In 23-jierrige automobilist en in motorrider fan 51 jier moasten sneintemiddei harren rydbewiis ynleverje by in ferkearskontrôle op de A7 by Boalsert. Dy kontrôle waard hâlden yn it ramt fan de aksje A7-Feilich. De autobestjoerder ried 197 kilometer de oere, de motorrider hie hast 190 kilometer op de snelheidsmeter. Beide krigen proses-ferbaal.
Mei-inoar giene 28 bestjoerders op de bon omdat se har net oan de maksimum-snelheid fan 130 kilometer de oere holden.