SWF: 75 euro foar 'earme' bern

07 okt 2013 - 09:59

Der moat noch dit jier jild frijmakke wurde om earmoed ûnder bern oan te pakken. Dat wolle de fraksjes fan PvdA, CDA, VVD, GrienLinks en FNP yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It kabinet hat op Prinsjesdag 19 miljoen euro beskikber steld foar earmoedbeleid. Súdwest-Fryslân krijt dêr 96.000 euro fan.

De fiif partijen wolle dat minsken mei in bystânsútkearing en ynwenners mei in ynkommen oant 110 persint fan it sosjaal minimum, 75 euro foar elts bern ekstra krije. Ek komt der mooglik in oanfoljend pakket.

Yn sa'n pakket kinne bonnen sitte foar bygelyks klean, ferfier of sportklups. Hoe't dat pakket der útsjen moat en funksjonearret, moat noch fierder útwurke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)