Gouden Epke:1 miljoen sjoggers

07 okt 2013 - 09:48

Hast in miljoen minsken hawwe sneintemiddei op televyzje sjoen hoe't turner Epke Zonderland fan De Lemmer yn Antwerpen de wrâldtitel op de rekstôk helle. Nei de finale op de rekstôk seagen om krekt te wêzen 966.000 minsken, sa meldt de Stichting Kijk Onderzoek.

De útstjoering fan de WK rekstôk manlju fan de NOS komt dêrmei op it tsiende plak yn de dei top 25 fan sjochsifers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)