Slagge jubileum Bikkelrun

06 okt 2013 - 18:36
  • Survival

De 20e jubileumedysje fan de Bikkelrun by de Grutte Wielen yn Ljouwert is snein in grut sukses wurden. Moarns makke de jongerein út wa't de Nederlânsk kampioen survivaljen waard. By de C-junioaren gong de titel nei Jelle Nijhuis út Vollenhove. By de famkes wie Rianne Hamelink út Veenendaal de rapste. By de B-junioaren wienen Ramon Schellekens út Haaren en Anoushka van de Pol út Veenendaal de bêsten. Yn de A-klasse gongen de nasjonale titels nei Joey Bakker út Arnhem en Elianne Huitema fan Zwartsluis.

Yn totaal kamen mear as 1300 dielnimmers yn aksje op ûnder oaren de biatlonbaan, de kop van jut en ferskate survival-ûnderdielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)