Epke wrâldkampioen op rekstôk

06 okt 2013 - 17:31
  • Epke Zonderland op it WK yn Antwerpen

Epke Zonderland hat snein by it WK turnjen yn Antwerpen it goud pakt op syn favorite tastel rekstôk. De Olympysk kampioen wist syn grutte konkurrint Fabian Hambüchen út Dútslân krekt efter him te litten. Epke turne in prachtige finale-oefening, dêr't er fjouwer flechteleminten yn sjen liet. Dat die er lykwols net efterinoar, mar yn twa dielen.

De útgongswearde fan syn oefening wie 7,70 punten. De sjuery beoardiele de útfiering mei 8,30, wat Epke de winnende skoare fan 16.000 punten oplevere. It brûns wie foar de Japanner Kohei Uchimura.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)