Epke skoart 16.000 punten

06 okt 2013 - 17:18

Epke Zonderland hat snein by it WK turnjen yn Antwerpen in prachtige finale-oefening turne, dêr't er fjouwer flechteleminten yn sjen liet. Dat die er lykwols net efterinoar, mar yn twa dielen fan twa kombinaasjes. De útgongswearde fan syn oefening wie 7,70 punten.

De sjuery beoardielde de útfiering mei 8,30, wat Epke 16.000 punten besoarge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)