SCO wint fan De Hoeve

06 okt 2013 - 17:03

De Fryske derby tusken debutant De Hoeve en SCO is snein in 12-8 oerwinning wurden foar SCO. Yn de earste helte lei de ploech út Aldeholtpea de basis foar de winst. By it skoft stie der in rêststân fan 7-2 op it boerd foar de ploech fan trainer Hillebrand Diever. SCO wist dizze marzje ek yn de twadde helte fêst te hâlden en pakte sa de twadde oerwinning fan it seizoen.

LDODK wûn thús ienfâldich mei 24-15 fan Groen Geel. Mid-Fryslân kaam krekt te koart tsjin AWDTV en ferlear mei 18-14.

Mei 4 oerwinningen út 6 wedstriden is LDODK de nije koprinner yn de haadklasse A. De Hoeve stiet mei 7 punten op in dield twadde plak mei Groen Geel en Wageningen. Mid-Fryslân stiet op it sechsde plak mei 5 punten. SCO fine wy op it dield lêste plak mei AWDTV. Beide ploegen hellen oant no ta 4 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)