Algra besoarget FVC de winst

06 okt 2013 - 16:37
  • FVC

FVC hat snein in swierbefochten 3-2 oerwinning pakt op NEC. Yn Nijmegen kamen de Ljouwerters al betiid yn de wedstriid op efterstân. De thúsploech hie it bettere fan it spul en wreide de foarsprong út nei 2-0. Op slach fan rêst soarge Robin Hollander lykwols foar de oanslutingstreffer en boppedat foar nije kriich by de Ljouwerters.

Yn de twadde helte makke Ruurd Algra de fertsjinne lykmakker. In twadde treffer fan Algra soarge úteinlik foar de earste swierbefochten útoerwinning foar de Ljouwerters.

FVC stiet mei 9 punten út 5 wedstriden op it twadde plak yn de sneinshaadklasse C. Nije wike stiet thús de Fryske twastriid tsjin De Jouwer op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)