Epke pakt fyfde plak op brêge

06 okt 2013 - 16:30

Turner Epke Zonderland hat snein by it wrâldkampioenskip turnjen yn Antwerpen in fyfde plak pakt op de finale fan it tastel brêge. Yn de finale turne Epke in oefening mei de saneamde Zonderland-technyk, werby't er in 5/4e draai oer ien earm op ien lizzer docht. It elemint einiget yn in saneamde healy. Dit elemint dat offisjeel Zonderlands namme krige, ferrûn lykwols net hielendal soepel. Dêrtroch rûn er trijetsjiende fan in punt mis.

De finaleoefening fan Epke wie úteinlik goed foar in skoare fan 15.300.

De wrâldtitel gong nei twa turners: de Japanner Kohei Uchimura en de Sinees Lin Chaopan kamen beide út op in einskoare fan 15.666. De Amerikaan John Orozco pakte mei 15.533 it brûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)